FIDEO: De iepeningstaspraak fan de 165e PC

01 aug 2018 - 08:00

It is in dei fol tradysjes: de PC yn Frjentsjer. Op de fiifde woansdei nei 30 juny is it safier. De âldste sportklassiker fan Nederlân set om 09.30 oere útein op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Foar keatsers ít hichtepunt fan it jier. Om 08.00 oere wurdt de dei tradisjoneel iepene mei in taspraak fan de foarsitter. Dizze taspraak fan Ids Hellinga is streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje en op de webside en app.

De PC wurdt dit jier foar de 165e kear keatst. De earste kear wie yn 1854. Sûnt dy tiid barde it fjouwer kear dat de wedstriid net trochgean koe. Yn 1859 (troch min waar en in pokke-epidemy), yn 1866 (troch in goalera-epidemy), en yn 1943 en 1944 (troch de Dútske besetting). De earste jierren wie de wedstriid op in terrein krekt bûten de Oosterpoort fan Frjentsjer. Sûnt 1856 wurdt der keatst op it Sjûkelân.

Lotting

De lotting foar de PC waard moandeitejûn bekend. Sjoch hjir foar de lotting fan de earste list en de reaksjes fan de ferskate keatsers op dizze lotting. Ek it earste PC kafee, wêryn't foarútsjoen waard op de PC, is folslein werom te hearren op de Omrop-webside.

Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op tv, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen yn ús liveblog. Fan de heale finale ôf (om 15.00 oere) wurdt it keatsen live útstjoerd op tv en yn de livestream op ús webside. Alle útslaggen binne te finen op de programmaside fan it keatsen.

Jûns om 18.20 oere wurdt de dei gearfette op tv en is alles werom te finen op Omropfryslan.nl/keatsen.

(advertinsje)