Kollum: ''Troch de wyn''

01 aug 2018 - 07:44

It is wat ûnearlik tsjinoer minsken dy't wurkje moasten yn de hitteweachwaarmte, mar ik haw ferline wike trije dagen op de Iselmar west. It lêste plak yn Nederlân dêr't noch in lyts koeltsje wie. Mar doe't we fan Enkhuzen nei Urk sylden, en dêr hast wiene, wie dat koeltsje ynienen ek op.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It frjemde wie, wy hiene noch westewyn en de wynmûnen fierderop stiene op east te draaien. It waard noch folle nuverder: wy kamen yn it stikje wynoergong, en dêr wie hielendal neat. Wy dreaunen wat yn de rjochting fan Rotterdammer Hoek. In lyts stikje fierder by de wynmûnen wie wyn, mar dêr koene wy net komme. Flokken hat yn sa'n gefal gjin inkeld doel. Dus ik hie alle tiid om dy 86 wynmûnen tusken Urk en De Lemmer te besjen.

Ik hie noch nea sa ticht by dat wynpark Noardeastpolder west. Der net iens ekstra omtinken foar hân. Ach, je sjogge dy dingen wol as je troch de polder ride, mar dan binne se noch in moai ein fuort. We sjogge de mûnen dy't by De Lemmer stean jûns ek wol fanút hûs. Dêr brâne dan reade flikkerljochten op, om de fleantugen dy't aanst nei Lelystêd moatte te warskôgjen dat leech fleane dêr better net kin. Dan moatte der nije mûnen komme. En dat is djoer.

Se binne 135 meter heech, de wjukken meirekkene. As je dêr noch in lytse hûndert meter byrekkenje, dan ha je dy dingen dy't yn Nij Hiddum-Houw komme. Unbidich. Ik seach se yn gedachten dêr al yn de keale greiden stean. Ik begûn oan mysels te twiveljen. By elke diskusje oer wynmûnen sis ik altyd dat Fryslân him hâlde moat oan wat ôfpraat is. Mei it ryk, mei harsels en mei ús. Dy ôfspraken bin al sa'n 12/13 jier âld, rûchwei. It kin ek wol noch earder wêze. Dêr binne noch klimaatakkoarten oerhinne kommen. Dan soe de hiele provinsje folstean moatte mei duorsumens. Mar litte we no earst ris dwaan wat we ôfpraat ha. Want ik bin altyd strontsiik fan hieltyd al dy hinne-en-wer diskusjes, dy't elke kear wer begjinne mei de doarpsmûne fan Reduzum.

Mar dêr, driuwende op de Iselmar by Urk, begûn de twivel. Yn gedachten seach ik de Ofslútdyk fanút Makkum wei. En stadich kamen dêr 89 wynmûnen tusken de 180 en 200 meter omheech. Fan Makkum oant Breesândyk. Je kinne dêr mei jo sloepke, skip of sylboatsje gewoan tuskentroch farre. En as se sa heech wurde, dan kin sels de brune sylfeart der tuskentroch. De skûtsjes sile dêr net mear, mar ik seach yn myn omtinken Makkumer IFKS'er Klaas Kuperus dêr al oan it it trainen, moaie smelle gonkjes tusken dy mânske peallen. No ja, der sille ea wol in pear kear wjukken ôfdonderje en as je dêr dan krekt tuskentroch farre dan ha je in seare holle.

No, ik krige no in seare holle. Want wy kamen wol yn Urk; fearen de oare deis nei de Lemmer. Lans de wynmûnen. Wy moasten frij heech oanhâlde, mar elke kear as je dan ticht by de wynmûnen kamen, waard de flaach ynienen min en moasten je wer deljaan. Krekt as kaam der in frjemde wynstreaming fanwegen dy 86 kear trije wjukken dy't oan it rûnsûzjen wiene. Der sille fansels, as dy dingen dêr tsien jier steane, ferskate ûndersiken nei dien wurde. Mei as útkomst dat it tafallich wêze kin, mar dat der wol in streaminkje is fansels.

Ik waard nitelich op mysels. En dat waard noch foller sterker doe't we troch de slûs wiene by De Lemmer en oer de Grutte Brekken skarrelen. Dêr stiet net in wynmûne. Ek net by de Sleattemermar. Dêrtusken ien lytske op it hiem fan in duorsume boer. Net earnstich. Makkum is wol earnstich. Dat is aanst in freeslik rotgesicht. Us âlde Súdersee, ús nijmakke Iselmar, dy bylden wurde aanst ferskuord troch oermânske wynmûnen.

Se stean der noch net. Dy op Nij Hiddum-Houw ek noch net. Ofspraken mei de rest fan de wrâld? Ach, as we no earst ris ûndersykje oft sokke simmers as dy't we no hawwe, net mear sinne-enerzjy opsmite. As we dêr no nochris tweintich jier oer neitinke. En sa lang efkes nearne wynmûnen mear delsette. Want ik bin wol troch de wyn.

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)