Fjilden Snits Wyt Swart foarearst net te brûken
Fuotbalklup Snits Wyt Swart hat de leden wite litten dat se foarearst net fan de eigen fjilden gebrûk meitsje kinne. De gersfjilden binne te drûch en te giel en de nije keunstgersfjilden binne noch net oplevere. De feriening hat dêrom de trainingen en de oefenwedstryd fan it earste ferpleatst nei it terrein fan LSC 1890.
Foarsitter Frank Slob
De oanrinfaze nei it nije seizoen is spannend foar de mear as hûndert jier âlde feriening. "Het gras is begin juli opnieuw ingezaaid, maar op 't heden groeit er niet veel", seit foarsitter Frank Slob oer de problemen mei it gers. Omdat it foarearst waarm bliuwt, hat de feriening besletten dat de gersfjilden yn alle gefallen oant 1 septimber tichtbliuwe foar alle trainingen en wedstriden.
Foarsitter Frank Slob fan Snits Wyt Swart
It leit foar de hân om de trainingen en wedstriden te ferpleatsen nei de nije keunstgersfjilden, mar dy binne noch net oplevere. De fjilden moatte noch ynstruid wurde en wurde oanslutend keurd troch de KNVB. Dy keuring sil nije wike plakfine. De Snitser fuotbalklup hopet op in flotte oplevering, want oars is der net ien fjild beskikber foar de leden.
De gersfjilden wurde wol, nachts of moarns betiid, bereind troch meiwurkers fan de gemeente Súdwest-Fryslân, mar mei it krekt ynsiedde gers docht dat ûnfoldwaande fertuten. Slob hopet net dat it bereinen fan sportfjilden hielendal ferbean wurdt, want dan krije in soad amateurfuotbalklups grutte problemen om de fjilden op 'e tiid foar it begjin fan de kompetysje wer yn in goeie kondysje te krijen.