Foarsitter KWS bepleitet 'mear sprieding fan eveneminten'

31 jul 2018 - 23:34

Fansels, elts evenemint hat in eigen doelgroep en in eigen publyk, mar dizze augustusmoanne wurdt wol in hiel soad organisearre yn Fryslân. Dat seit foarsitter Karst Doevendans fan de Keninklike Wettersportferiening Snits, dy't nije wike foar de 83e kear de Snitswike organisearret.

De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte - Foto: Omrop Fryslân

As grutste sylevenemint fan it Europeeske binnenwetter is de Snitswike in sterk merk, dat altiten trochgiet, mar se fernimme de konkurrinsje fan de oare eveneminten, lykas de Tall Ships Races yn Harns, wol. Doevendans: "Je merkt het aan de media-aandacht, aan de competitie om sponsorgelden, maar ook aan de bezettingsproblemen bij de politie."

Foarsitter Karst Doevendans fan KWS

In soad eveneminten yn Fryslân is moai, fynt Doevendans, mar wat mear sprieding soe better wêze. De Snitswike hat ek hiel direkt mei in oar evenemint te krijen, want op de Hurdsyldei is ek it SKS-skûtsjesilen op de Snitser Mar. Beide eveneminten passe har planning op dy dei oan: de wedstriden fan de KWS begjinne dan al om 9 oere moarns. De skûtsjes geane pas om 16.00 oere fan start en it Prinses Margrietkanaal is de middeis ticht foar de beropsfeart.

700 sylboaten

Oan de 83e edysje fan de Snitswike dogge nije wike sa'n 700 sylboaten mei, ûngefear likefolle as ferline jier. Mar de Snitswike hat yn it ferline ek edysjes meimakke mei in lytse tûzen boaten. As it oan Doevendans leit, besiket it evenemint de kommende jierren wer te groeien yn dy rjochting.

G-silen

De 700 dielnimmers komme út yn 31 klassen. Dêr sit ek in bysûndere klasse by: it G-silen foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dizze klasse hat fjirtjin dielnimmers út Nederlân en België.

De KSW is al jierren dwaande mei it ûntwikkeljen fan it G-silen. Doevendans is dêrom grutsk dat it G-silen foar it earst op it programma fan de Snitswike stiet.

Tradisjonele floatskou

Op eltse wedstriiddei binne der 36 starts. De Snitswike begjint no freed mei de tradisjonele floatskou by de Snitser wetterpoarte.

Trefwurden: 
Snitswike sile eveneminten KWS
(advertinsje)