Friezen net bekend mei KH 2018

05 nov 2011 - 11:19

Fjouwer op de tsien Friezen hat noch nea heard fan de Kulturele Haadstêd 2018. Dat docht bliken út in draachflakmjitting fan de provinsje. Dy is hâlden ûnder 9000 Friezen. Der binne 750 enkêtes weromstjoerd. Fan de minsken dy't der wol fan witte, is 60 prosint posityf oer it stribjen fan de provinsje om him kandidaat te stellen.

Benammen de opposysje yn de steaten is kritysk op it plan. Underwilens hat bliken dien dat net de provinsje kandidaat wêze kin, mar Ljouwert wol.

(advertinsje)
(advertinsje)