Ireen Wüst hat mei ynvestearringsmaatskippij Infestos einlik sponsor foar nije ploech

Mearfâldich olympysk reedrydkampioene Ireen Wüst hat einlik in nije sponsor. Mei seis oare riders tekenet Wüst by ynvestearringsmaatskippij Infestos út Enschede.
© www.orange-pictures.nl
Haadcoach by Infestos wurdt Peter Kolder. Hy begelate Wüst al oan it begjin fan har profesjonele karriêre. Sûnt april wurkje de twa ek al mei-inoar. Wouter Olde Heuvel wurdt de assistint fan Kolder.
Njonken Wüst komme ek olympysk kampioene Esmee Visser, Marcel Bosker, Lotte van Beek, Jos de Vos, Louis Hollaar en Marwin Talsma (fan Grou) by Infestos te riden.

"Te âld"

It wienen ûnwisse tiden foar de 32-jierrige Wüst. Heal maart dit jier makke har sponsor JustLease bekend dat se har te âld fûnen. Letter waard bekend dat JustLease hielendal ophold mei reedrydsponsoring.