CDA besoarge oer takomst ierappel

De Steatefraksje fan it CDA makket him bot soargen no't it Europeesk Hôf feredelingsmogelijkheden foar gewaakssen ferbiedt. It Europeesk Hôf kaam foarige wike mei de útspraak dat genetyske modifikaasje fan gewaaksen oan strange regels foldwaan moat. Dat hat ek gefolgen foar ierappelhannelhûs HZPC fan de Jouwer.
ierdappels © ANP
Yn it ramt fan klimaatferoarings wol HZPC wiidweidich ûndersyk dwaan nei feredelingsmooglikheden foar bygelyks ierappels. Drûchte en ekstreme wetterfal hawwe nammentlik ynfloed op de gewaaksen. Foar dat ûndersyk moat HZPC no útwike nei Amearika of Azië. Dat soe in ynvestearring fan miljoenen euro's wêze en in ferlies fan arbeidsplakken. It CDA wol fan Deputearre Steaten fan Fryslân witte wat dy dwaan kin om de wurkgelegenheid fan HZPC yn Fryslân te behâlden.