PODCAST: PC Kafee sjocht foarút op de belangrykste keatsdei

In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is woansdei de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Van Tuinen sjocht mei sidekick Johannes Brandsma en ferskate gasten foarút op de belangrykste keatsdei fan it jier.
Harkje nei it folsleine PC Kafee fan 31 july
It PC Kafee yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer mei presintator Geert van Tuinen © Omrop Fryslân, Raynaud Ritsma
Fan 1'40 ôf: De foarsitter fan it Belgyske keatsbûn Jerry Defour en Ids Hellinga lizze út wêrom't de Belgen dit jier net by binne en miskien takom jier wol. De aginda wie dit jier te fol, wie it ferhaal. Koenen de Belgen dat net earder betinke? Dat is de fraach oan Defour. It leit mei oan de Europeeske kampioenskippen keatsen, dy't nei de PC ék yn Frjentsjer holden wurde. Hoe liket dat foar takom jier? Ha se de kwaliteiten dêr wol foar? De kâns dat se it yn elts gefal besykje, is neffens Defour sa'n 90 persint.
Fan 16'47 ôf: De kollum fan Janny van der Meer. Litte we stean gean foar keatsen én de Fryske taal. Net om't we nasjonalistysk binne, mar om't it yn ús hert ferankere sit. De leafde hâldt it keatsen libjend, dat leaut Van der Meer.
Fan 21'07 ôf: Fuotbalpommeranten Willem van Hanegem, Dick Advocaat, Harry van Raaij. Of is it dochs gewoan Erik van Muiswinkel? Ja, it is Van Muiswinkel. Mar wat bringt him by it keatsen? Dat komt troch in bysûndere moeting mei Johan Dijkstra, âld-lid fan de PC.
Fan 39'20 ôf: Keatsleafhawwer Harm Akkerman fat Lollum. Hy komt altyd op de fyts nei it keatsen, is net fan it fjild ôf te krijen en sit noait in sekonde stil. Hy fertelt ûnder oare hoe't syn leafde foar it keatsen ûntstien is. Pake Laas, de pakesizzer fan Laas Pieter fan Straten, is de keatsfreon fan Harm Akkerman.
Fan 50'15 ôf: Partoer fol debutanten: Paul Dijkstra, Gabe-Jan van Popta en Stefan van der Meer. Sy binne trije fan de acht debutanten op de PC fan dit jier. Hoe is it mei de senuwen? Dy komme wol hieltyd tichterby, seit Paul Dijkstra. Foarôfgeand oan it seizoen hienen se noait tocht dat se de PC helje soenen.