IM easket 180 oeren wurkstraf tsjin Fryske oplichter

31 jul 2018 - 21:37

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei 180 oeren wurkstraf easke tsjin in 43-jierrige man út Haskerhoarne. De man, dy't aktyf wie yn in oplichtingsbinde yn Drinte, waard seis jier lyn oanhâlden foar it dupearjen fan ferskate bedriuwen. De Fries bekende by de rjochter dat hy mei fjouwer oare bindeleden út Drinte boumateriaal en farve bestelde by bedriuwen en dat besoargje liet yn in bedriuwspân mei fiktive bedriuwen. Ek brûkte de binde sels falske nammen.

Vrouwe Justitia - Foto: ANP

De bedriuwen krigen nea betelle en waarden foar tuzenen euro's dupearre. De binde ferkocht it guod troch. De oare fertochten waarden yn 2012 al feroardiele ta in jier selstraf.

Hoe't it koe dat de saak fan de Fryske fertochte lizzen bleaun wie, koe it Iepenbier Ministearje net efterhelje.

Om't de fertochte in minne sûnens hat en om't de saak sa let behannele waard, easke it Iepenbier Ministearje gjin selstraf. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)