Tourwinner Geraint Thomas wint Profronde Surhústerfean, foar Tom Dumoulin
Geraint Thomas wint yn Surhústerfean
Geraint Thomas hat de Profronde Surhústerfean wûn. De winner fan de Tour de France út Wales wûn op De Kolk yn de sprint fan Tom Dumoulin en Bauke Mollema. By de hurdfytswedstriid wienen sa'n 40.000 taskôgers.
Thomas wûn dit jier foar it earst yn syn karriêre de Tour de France. Foar it earst slagge de organisaasje yn Surhústerfean deryn om de nûmer 1 en 2 fan de Tour nei de Profronde te heljen, want ek Tom Dumoulin stie oan de start. De winner fan ferline jier yn Surhústerfean waard diskear twadde.
Bauke Mollema stiet foar de sechsde kear op rige op it poadium yn Surhústerfean. Hy wûn yn 2013.
40.000 minsken by hurdfytsen yn Surhústerfean
Spannende einfaze
Dumoulin gie der in pear rûntsjes foar de finish fan troch yn Surhústerfean. Trije rûntsjes foar de ein waard hy byhelle troch Thomas en Mollema. Dy lêste socht dêrnei ek noch twa kear de oanfal. Flak foar de finish waard er byhelle troch Thomas en Dumoulin. Yn de sprint wie de Welshman dus de rapste.
Falpartij Laurens ten Dam
Laurens ten Dam gie yn de bocht by de Rabobank ûnderút. Hy hat syn skouderbonke brutsen. Dat betsjut dat er net meidwaan kin oan de Clásica San Sebastián, takom wykein yn Baskelân.
De winners fan de lêste 10 jier
2018 | Geraint Thomas |
2017 | Tom Dumoulin |
2016 | Christopher Froome |
2015 | Peter Sagan |
2014 | Lieuwe Westra |
2013 | Bauke Mollema |
2012 | Mark Cavendish |
2011 | Cadel Evans |
2010 | Andy Schleck |
2009 | Alberto Contador |