Beetstersweachster moat smertejild betelje oan skiedsrjochter

31 jul 2018 - 20:42

In 62-jierrige ynwenner fan Beetstersweach moat 150 euro oan smertejild betelje oan in skiedsrjochter dy't yn maaie 2016 de fuotbalwedstriid De Sweach tsjin Fochteloo fluite. De plysjerjochter yn Ljouwert oardiele tiisdei dat de man út Beetstersweach yn de funksje fan assistint-skiedsrjochter de skiedsrjochter bedrige hat.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens de skiedsrjochter hat de assistint sein dat hy him 'total loss' slaan soe. Ek soe de man út Beetstersweach de flagge hurd tsjin it boarst fan de skiedsrjochter smiten ha. Der moast doe noch tsien minuten spile wurde.

De wedstriid waard staakt, mar koe letter noch wol fierder gean. De assistint-skiedsrjochter krige in reade kaart en letter njoggen wedstriden skorsing fan it fuotbalbûn KNVB.

(advertinsje)