Konkoers Hippyk wol mear besikers lûke mei oanpaste tiden

De 65e edysje fan it Konkoers Hippyk yn Bûtenpost begjint dit jier pas middeis yn stee fan moarns betiid. De organisaasje hopet op dy wize mear minsken nei it evenemint te lûken.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De earste wedstryd set om 12 oere middeis útein. "De afgelopen jaren begonnen we altijd om half negen 's ochtends, deze editie beginnen we om twaalf uur. Onze ervaring is dat mensen pas 's middags naar dit evenement komen en dat is zonde", seit bestjoersfoarsitter Tiemen Dolfijn fan it Concours Hippique Buitenpost.
It Konkoers Hippyk waard altyd holden fan 8.30 oant 18.00 oere. Dat is no ferskood fan 11.00 oant 21.00 oere. "Dan kunnen ook mensen die overdag moeten werken, toch nog wat van het Concours Hippique meekrijgen." Gewoanwei lûkt it konkoers sa'n fjouwer- oant fiiftûzen besikers. "Met de aangepaste tijden hopen we 500 extra bezoekers te trekken."