Fryske wetter as magneet foar toeristen

31 jul 2018 - 18:46

De Iselmar, de eilannen, de Fryske marren en de alve stêden: alle plakken mei wetter wurkje as in magneet foar toeristen. "Noch net earder hat it sa drok west", fertelt Albert Hendriks fan toeristeburo FrieslandHolland. "Alles sit bomfol", seit er. "Ik tink dat ûndernimmers wol 10 oant 20 persint mear omset draaie as oare jierren en dat dit it drokste jier is yn seker 25 jier."

De oanfragen binne enoarm. De telefoan giet de hiele dei troch by FrieslandHolland yn Wolvegea. Toeristen út binnen- en bûtenlân wolle graach in plakje oan it wetter. Neffens Hendriks binne der meardere faktoaren dy't derfoar soargje dat wettergebieten populêr binne. "It moaie waar yn kombinaasje mei dat de minsken frij binne soargje allerearst foar in stoarmrin nei it westen fan de provinsje", fertelt hy.

"Dêrneist hat Ljouwert-Fryslân 2018 grutte ynfloed op de populariteit fan Fryslân. Benammen de 11fountains dogge it goed. Dútsers freegje spesifyk nei Kulturele Haadstêd en de alve stêden", fertelt Hendriks.

Fakânsje yn Terherne - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Plakken oan it wetter binne populêr, tinkt Hendriks, om't minsken dêr ferkuolling fine. Ek is it smoardrok by boatferhierbedriuwen. "It hat noch nea sa maklik west foar boatferhierûndernimmers as dit jier. Minsken komme swittend binnen en wol allegear it wetter op", fertelt Hendriks.

De Iselmar is ek hiel populêr by Dútsers. "Op de beurzen dêr't ik kom, freegje se allegeare nei de Iselmar, dat fine se prachtich. No't de Dútske dielsteaten tagelyk fakânsje ha mei ús, rinne de campings oan de kust grôtfol", seit hy.

"Der wurdt ek in soad omtinken oan LF2018 jûn yn Dútslân troch de Dútske media. Dútsers freegje spesifyk om Kulturele Haadstêd Ljouwert, dat fyn ik grappich. De organisaasje hat fêst goed har bêst dien", seit Hendriks.

Wetter wurket as in magneet foar toeristen - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De populariteit is net oeral yn Fryslân sa ekstreem as yn de wettersportplakken. De Fryske Wâlden profitearje net fan de toeristegroei. "De oanfragen foar de Fryske Wâlden binne gelyk oan oare jierren", seit Hendriks. "Eins wurdt dêr noait nei frege", fertelt hy.

Neffens Hendriks komt it benammen om't dêr minder wetter is en der minder aktiviteiten binne dy't stipe wurde troch LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)