Warkum krijt 'city shuttle' as miljeufreonlike ferfierswize

31 jul 2018 - 18:32

Warkum krijt in 'city shuttle'. De shuttle ferfiert op in miljeufreonlike en lûdsearme wize. De stêd hat de shuttle te tankjen oan in bydrage fan it provinsjale Iepen Mienskipsfûns.

De shuttle is breder ynsetber as it treintsje dat der al is sûnt 2011. Dat is lykwols driuwend oan ferfanging ta.

Net allinnich toeristen kinne de shuttle brûke, mar de ynwenners, minderfalide minsken en forinzen ek. De shuttle kostet 33 en in heal tûzen euro. Goed 13 tûzen wurdt betelle troch it fûns.

(advertinsje)