Winkels yn sintrum Ljouwert even ticht fanwegen gaslek

31 jul 2018 - 17:55

In gaslek op de Wurdumerdyk yn Ljouwert soarge tiisdei oan de ein fan de middei foar oerlêst. Troch noch ûnbekende oarsaak wie dêr gas frijkaam.

Foto: Anton Kappers

De Wurdumerdyk en de Peperstrjitte wienen ofsletten foar ferkear. Ek wienen inkelde winkels ûntromme fanwegen it lek.

De brânwacht hat mjittingen dien en in monteur wie derby.

Trefwurden: 
Ljouwert gaslek Wurdumerdyk
(advertinsje)
(advertinsje)