Opnij twa Fryske jongeren út opfang fermist

31 jul 2018 - 17:32

Opnij wurde twa Fryske jongeren fermist. Marijke Bakker (15) en Niels Miedema (18) binne moandeitemiddei foar it lêst sjoen. Beide binne út de krisisopfang fan Drachten weirûn. Marijke en Niels binne moandeitemiddei 30 july foar it lêst sjoen yn Drachten om 13.45 oere.

Marijke Bakker en Niels Miedema - Foto: politie.nl

De 15-jierrige Marijke is koartlyn pleatst yn de krisisopfang fan Drachten. Sy is 1.80 meter, hat blond hier, blauwe eagen en is te werkennen oan in litteken op har linkerearm. Niels is 1.85 meter, hat donkerblond hier en blau-grize eagen. Hy hie op de dei fan de fermissing in swarte trui oan en in koarte broek mei legerprint. Hy hat littekens op earms en skonken.

Fermissing Emily en Kirsten

Earder dizze wike waard ek al in oprop troch de plysje dien om út te sjen nei twa fermiste tienerfamkes út in ynstelling yn Ljouwert. It giet om de 13-jierrige Emily Meijer en de 14-jierrige Kirsten Marreveld. Beide fammen binne freed fuortrûn út in behannelsintrum yn Ljouwert. Ek sy wurde noch altyd fermist.

(advertinsje)
(advertinsje)