Kafee De Witte Kat yn Snits ticht fanwege drugs

31 jul 2018 - 16:41

Kafee De Witte Kat yn Snits is troch de gemeente mei direkte yngong sletten. Ien fan de personielsleden soe drugs deald hawwe ûnder it wurk. Dat meldt Groot Sneek, de nijswebside fan Snits. De plysje die in ynfal by de kroech en naam de wurknimmer mei.

Foto: Google Street View

Neffens de eigeners wisten se neat fan it dealen fan de wurknimmer en binne se no bot dupearre troch it sluten fan de kroech. Krekt foar de Snitswike ticht betsjut foar harren in grutte klap.

De gemeente seit dat it lykwols oars leit. Der wurdt neffens de gemeente al sûnt desimber ferline jier ûndersyk dien nei eventuele drugshannel yn it kafee. De plysje soe doe ek al kontakt hân hawwe mei de útbater fan it kafee. Dêrnei wie der neffens de gemeente gjin ferbettering fan de situaasje.

Dat de sluting flak foar de Snitswike is, is neffens in wurdfierder fan de gemeente tafal.

Trefwurden: 
Snits drugs De Witte Kat
(advertinsje)