Gjin fjoerwurk yn feestwike Bûtenpost om drûchte

31 jul 2018 - 15:42

Gjin fjoerwurk kommende woansdei yn Bûtenpost. Fanwege de drûchte hat de feestwikekommisje fan Bûtenpost besletten dat it net ferantwurde om de sjo te dwaan. De feiligens fan de taskôgers soe net garandearre wêze.

De gemeente en de provinsje hie it de kommisje advisearre. De feestwike is altyd ein july, begjin augustus en wurdt tradisjoneel mei fjoerwurk ôfsletten op it iisbaanterrein.

Trefwurden: 
Bûtenpost drûchte fjoerwurk
(advertinsje)