Broer fermoarde Fries: toeristen moatte Tadzjikistan sa gau mooglik ferlitte

Westerske toeristen moatte sa gau mooglik fuort út Tadzjikistan. Dat seit de broer fan de Fries om utens René Wokke, de fytser dy't snein omkaam by in oanslach yn it lân. Neffens Erik Wokke hat de Dútske ambassade dat de famylje witte litten. Omdat Tadzjikistan gjin Nederlânske fertsjintwurdiging hat, helpt de Dútske ambassade de freondinne fan René Wokke. Sy rekke ferwûne by de oanslach. Se is yntusken ûntslein út it sikehûs en op in feilich plak ûnderbrocht.
It plak fan it barren yn Tadzjikistan © AKHBOR

Reisadvys

It Nederlânske ministearje fan bûtenlânske saken hat gjin negatyf reisadvys jûn foar it Sintraal-Aziatyske lân nei oanlieding fan de oanslach. Wol wurde reizgers wârskoge om guon gebieten yn it lân te mijen.

IS-striders

Neffens it regear fan Tadzjikstan sitte der ferdreaune IS-striders achter de oanslach, dy't benammen westerske toeristen as doelwyt hawwe. Se soenen foar de feiligens fan dizze toeristen net ynstean kinne.