Anouska Koster wint hurdfytsen yn Surhústerfean

Anouska Koster fan De Westereen hat it kritearium yn Surhústerfean wûn. De hurdfytster wie mei oermacht te sterk en kaam solo oer de finish. As twadde einige Evy Kuijpers en it poadium waard kompleet makke troch Racquel Sheath út Nij-Seelân.
© www.orange-pictures.nl
De reaksje fan Anouska Koster
Trochdat der yn it begjin fan de koers in behoarlike reinbui foel, wiene de klinkers yn Surhústerfean bytiden sjippeglêd en dêrtroch wiene der ek inkelde falpartijen. "Dan moatst yn de bochten goed oppasse", sei Koster nei ôfrin. Sy keas direkt foar de oanfal. "Ast allinnich foarop bist, dan hast miskien in bytsje foardiel, want dan kinst dyn eigen line kieze. En de oanfal kieze fyn ik hiel moai. Dat is de moaiste manier om te winnen, de foldwaning is dan hiel grut."
It is de earste kear dat Koster wûn yn Surhústerfean. Se waard al wol in kear twadde, dat wie yn 2012. "Ik tocht: dy thúskoers wol ik dochs in kear winne."