FIDEO: Wa binne de kânshawwers by de PC?

31 jul 2018 - 14:43

Mei noch mar ien nacht oant de 165ste PC sjocht Omrop Fryslân foarút en rint de kânshawwers fan 2018 nei. Alles watst witte moatst oer de patoeren fan dit keatseizoen falt hjir te sjen.

De favoryt

Der is mar ien favoryt dizze PC en dat is it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Se binne dit seizoen yn bloedfoarm en wûnen fierwei de measte frije formaasjepartijen: 11 fan de 18. Mar in garânsje is dat net. De jongste fan it partoer waard dit seizoen tsien kear kening. Steenstra hat de PC lykwols noch nea wûn. Hy waard wolris twadde en tredde. Syn maten Triemstra en Van der Bos binne al wat âlder en hawwe de PC beide al fiif kear wûn. Triemstra seis kear, as je de oerwinning meitelle doe't er healweis ferfongen waard troch Jacob Wassenaar.

As de opslach fan Van der Bos rint en de jonge heit fertrouwen hat, dan is dat it grutste wapen fan it partoer. Triemstra is de bêste foarynse fan de haadklasse en Steenstra is allround de bêste keatser. As de opslach fan Van der Bos net rint, kin Steenstra dy sa oernimme.

Partoer Van der Bos by keatserij yn Harns - Foto: Henk Bootsma

Kânshawwers

De winners fan ferline jier steane yn de ranking kreas twadde, al wûnen se dit seizoen noch mar ien kear. Se oertsjûgje dit keatsseizoen net hielendal. Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra, de PC Kening fan ferline jier, keatse no mei Dylan Drent yn stee fan Alle Jan Anema. It partoer is der echt net minder op wurden en is absolút in partoer om rekken mei te hâlden. It partoer dat ferline jier de minste flaters makke, wûn de PC fan 2017. Dat kin dit jier samar wer. Al is Bauke Triemstra dit seizoen absolút net flaterleas oan de opslach.

It giet net sa bêst dit seizoen, mar se hearre wol by in rychje kânshawwers: Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra steane tredde yn de ranking en wûnen twa wiken lyn yn Huzum harren earste partij. It partoer hat it hiele seizoen al lêst fan blessueren. Alle trije hawwe se partijen misse moatten en foar Bruinsma is it sels reden om op te hâlden. De PC-winner fan 2013 blessearre by it fuotbaljen syn knibbel en hâldt der nei de PC mei op. De gunfaktor sil grut wêze foar Bruinsma. Ferline jier miste hy de PC trochdat syn heit samar ynienen kaam te ferstjerren. Wat soe in goed resultaat op de PC fan 2018 in moai ôfskied wêze. En dat kin; mar dan moat in soad meisitte.

Bauke Triemstra, Hendrik Kootstra en Dylan Drent yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Koos Wieling

Gefaarlikste outsider

Se begûnen dreech oan it seizoen, mar binne de lêste wiken better op dreef. Dêrom neame we it partoer fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar de gefaarlikste outsider, al wûnen se dit seizoen mar ien haadklassepartij. Hiemstra en Wassenaar wûnen de PC alris en sy hawwe miskien it partoer dat Van der Bos-en-dy derôf prate kin en it publyk efter harren krije kin. Kingma begûn dit seizoen letter troch in staazje yn Ingelân. Mei dêrtroch keatste it partoer sels efkes yn de earste klasse. De lêste wiken litte se lykwols wer sjen dat we serieus rekken hâlde moatte mei it partoer. In deeglike opslach fan Kingma, in boppe-kampioen Hiemstra foaryn en alleskinner Wassenaar kinne it elkenien dreech meitsje.

Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar en Enno Kingma yn Stiens - Foto: Henk Bootsma

Ferrassing

De lêste wiken giet it wat minder, dochs is dit partoer de ferrassing fan it seizoen: Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer wûnen oan it begjin fan dit seizoen twa haadklassepartijen, mar binne dêrnei fuortsakke nei plak njoggen yn de ranking. Bergsma is ien fan de bêste opslaggers en Plat en Schurer kinne geregeld útsjitte. De preemje yn Arum hat it partoer miskien in ympuls jûn.

De ferrassing fan ferline jier neame we dit jier in outsider. Jelle Attema foel yn 2017 op mei syn deeglike opslach en hege ballen en ferlear pas op 5-5, 6-6 de finale. Dit seizoen begûn minder troch in blessuere, ek oprûn by it fuotbaljen. Ferline jier keatste hy mei Jakob Klaas Haitsma (oar partoer) en Hillebrand Visser (opholden), mar mei Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong hat hy miskien wol ien fan de bêste perken. Van der Schoot is in goede wallballer en De Jong rekket se ek maklik en keatste alris in PC-finale.

Yn it PC Kafee wurdt op tiisdei 31 july noch mear foarútsjoen nei de PC. Fan 19.00 oere ôf is dat programma te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina.

Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(advertinsje)