Plysje drok mei dronken manlju

Twa dronken manlju ha de plysje yn Ljouwert hannen fol wurk besoarge. In 30-jierrige Snitser rûn moandeitejûn sûnder te beteljen mei tsien blikken bier in winkel oan it Hoeksterpaad út. Der ûntstie in wrakseling mei de meiwurkers. De plysje koe de fertochte oernimme. De man wie flink dronken en woe net meiwurkje oan syn oanhâlding. De man krige in proses-ferbaal foar meardere fergripen.
In 47-jierrige Ljouwerter rûn oan de ein fan de middei dronken yn it sintrum fan de stêd. De man woe net lústerje nei de plysje en begûn de plysjes út te skellen. Doe't de man midden op strjitte stean gie en it ferkear hindere, hat de plysje him meinaam nei hûs. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.