Bottenbley: "Ein fan de wrâld is yn 2030"

De eardere dumny fan de Betheltsjerke yn Drachten, Orlando Bottenbley, seit dat it ein fan de wrâld yn 2030 wêze sil. Hy sei dat moandei yn it lanlike telefyzjeprogramma Kijken in de Ziel.
Orlando Bottenbley © Omrop Fryslân
Yn 2010 en yn 2012 sei Bottenbley itselde, mar doe woe hy gjin eintiid neame, mar sei dat it binnen 23 jier safier wêze soe. No neamt hy dus wol in tiid. Neffens him sille yn 2030 allinich minsken dy't leauwe yn Jezus letterlik opstean út de dea. "Dat jaagt me niet op, maar inspireert me mateloos", seit Bottenbley.
Ferline jier hâlde hy nei sa'n 25 jier op as foargonger yn Drachten en gie oan de slach yn Amsterdam. Yn dy 25 jier groeide de Betheltsjerke yn Drachten sterk. Jacob Folkerts folge Bottenbley op as dumny yn Drachten.