Skyldpodde-opfang De Harkema nei nij opfangplak

31 jul 2018 - 13:32

Hast 1000 skyldpodden ha tiisdei in nij opfangplak krigen yn De Harkema. Tsientallen frijwilligers fan de diere-ambulânse en Stichting Schildpaddenopvang Nederland ha oerenlang yn it spier west om de ferhuzing mooglik te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Gerard van der Wijk fan De Harkema is de man efter de operaasje. Hy hat yn 2004 de stichting oprjochte dy't no út syn jaske begjint te groeien: "Wy hiene gjin plak mear foar alle skyldpodden dy't binnen komme, dêrom ha wy no in gebou dat tsien kear sa grut is as it foarige. No kinne we yn de takomst sa'n 5000 skyldpodden kwyt."

Dorien Mekel fan de diere-ambulânse - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Fjouwer kear safolle efterlitten

It nije opfangplak is yn in âld gebou fan in Poiesz supermerk. De ferhuzing wie nedich om't Gerard alle jierren sa'n 400 skyldpodden derby krijt yn de opfang. "Earst krige ik gemiddeld 100 skyldpodden per jier derby. Mar no binne der bepaalde soarten skyldpodden ferbean om te hâlden, wêrtroch se op dit stuit massaal dumpt en efterlitten wurde." Ek yn de simmer is it ekstra drok by de opfang. "Dat komt fansels troch de simmerfakânsje."

Gerard van der Wijk - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Fan 3 augustus 2016 ôf jildt der in ferbod yn de EU op it hâlden, kweken, ymportearjen en ekportearjen fan bepaalde skyldpodden. It giet hjir om de readwang-, gielbúk- en gielwangskyldpod. Dit hat der foaral mei te krijen dat de bisten te grut wurde om te hâlden en dêrtroch útset wurde yn de Europeeske natoer. Dêr soargje se foar skea en kinne se net oerlibje.

Hobby út de hân rûn

Gerard is no sa'n tsien jier dwaande mei it opfangen fan skyldpodden. "It is eins in bytsje in hobby dy't út de hân rûn is. Ik hie sels altyd al skyldpodden en dit is der in bytsje ynslûpt." Gerard fynt it in prachtich bist en koe it net oansjen dat de bisten efterlitten waarden en dea gongen. "Bistetunen kinne se net opfange, omdat se net bysûnder genôch binne. Ien moat it dan toch dwaan." Neist De Harkema is der noch ien oare opfang foar skyldpodden yn Nederlân. Dêrom komme se oeral wei: "Ik krij se sels út Dútslân en België. Dêr is al hielendal neat foar de bistjes regele."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Adoptearje

Om romte te hâlden foar nije skyldpodden kinne minsken de bisten ek adoptearje. Sjoch op de webside foar mear ynformaasje.

Trefwurden: 
De Harkema opfang skyldpodden
(advertinsje)
(advertinsje)