Ljouwerters pakt om bedriging

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerter manlju (29 en 30) binne freedtenacht oppakt troch de plysje fanwege bedrigings op it Grut Skavernek yn de haadstêd.
Om goed 5 oere belle in frou de plysje. Se fertelde dat se troch de 30-jierrige man bedrige wie mei in mes. Letter belle dizze fertochte sels om't er mei in pistoal bedrige wêze soe troch de 29-jierrige fertochte dy't by frou wie.