Ynbraken Ljouwert en Wolvegea

05 nov 2011 - 11:29

Trije manlju binne freed oanhâlden yn de Leendert Sinnemastrjitte yn Ljouwert. Se woene ynbrekke yn in hûs. In tsjûge seach it trio by in doar fan it hûs. Ek waard in rút ynslein. De mannen (52, 58 en 30) binne meinaam nei it buro. Se hiene ek trije hûnen by har. Dy binne nei de opfang brocht.

Yn trije parkearde auto's oan de Atalanta yn Wolvegea is freedtejûn ynbrutsen. De ruten wiene ynslein. De bút bestie út tassen, elektryske apparaten en in kamera.

(advertinsje)