Alles dat je witte moatte foardat je de Tall Ships Races besykje

31 jul 2018 - 11:42

Der wurde dit wykein yn Harns hast 200.000 minsken ferwachte by de twadde Harnzer edysje fan de Tall Ships Races. Foar elkenien dy't dit mega-evenemint besykje wol hawwe wy de meast nuttige tips op in rige setten.

Tall Ships Races fanút de loft - Foto: Wout Weterings, Fleanklup Fryslân

Wannear binne de Tall Ships yn Harns?

Yn tsjinstelling ta 2014, is Harns dizze kear de finish fan de Tall Ships Races. Dat betsjut dat alle dielnimmende skippen op de 'oankomstdei' by Harns harren finish hawwe, en der dus ek al in hele reis opsitten hawwe.

De oankomst fan de Tall Ships bart allegearre op freed 3 augustus, en ek dizze kear is der krekt lykas yn 2014 in saneamde 'Sail In'. Dit betsjut dat alle skippen dy't it kommende wykein yn Harns lizze sille, ien foar ien de haven ynfarre sille. Op dizze wize kin it publyk fan de wâl ôf alle skippen goed besjen, wylst se yn aksje binne. It programma fan de 'Sail In' begjint om likernôch 12:00 oere, en duorret oant ûngefear 18:00 oere.

Wolle jo hielendal krekt witte wannear't de skippen yn Harns oankomme, dan kinne jo op de site fan de organisaasje in spesjaal kaartsje fine, dêr't live te folgjen is wêr't hokker skip is.

De skippen binne nei de 'Sail In' it folsleine wykein yn Harns te besjen, oant se moandei 6 augustus om 11:00 oere de haven wer ferlitte. Dizze 'Sail Out' sil nei alle gedachten duorje oant 16:00 oere.

Fuortsleepregeling - Foto: Shutterstock.com

Hoe kin ik it bêste nei de Tall Ships Races ta komme?

Der is fansels in grut ferskaat oan manieren om nei it eveneminteterrein yn Harns te reizgjen. Hjirûnder folgje de meast populêre, mei dêrby wichtige ynformaasje dy't hjirby heart.

  • Iepenbier Ferfier
    • De organisaasje ropt minsken op om benammen mei it iepenbier ferfier nei Harns ta te kommen. Der is in gearwurking opset tusken de Tall Ships Races en Arriva, wêrtroch't der ekstra tsjinsten ride tusken Snits en Harns, en kop Ofslútdyk en Harns. Oare opsjes binne fansels de trein fan út Ljouwert of bussen út Ljouwert (bus 97), It Hearrenfean (bus 99), of Frjentsjer (bus 75). By it stasjon fan Ljouwert wurdt troch Arriva ekstra personiel ynset om der eventueel foar te soargjen dat der by grutte drokte genôch trochrin bliuwt. Ek sil der yn Ljouwert om de passazjiers foar de feartsjinst nei de eilannen tocht wurde. Let op: as de treinen fol sitte, soe it mooglik wêze kinne dat tuskenstasjons eventueel oerslein wurde.
  • Auto
    • Komme jo mei de auto nei Harns dan wurde jo mei help fan buorden nei spesjale parkearplakken tawiisd, bygelyks in grut parkearplak by it yndustryterrein noard. Op dizze parkearplakken kinne jo in deikaart fan 10 euro keapje, dy't jo ek tagong jout ta de pendelbussen, dy't fan en nei it eveneminteterrein ride. Foar minsken mei in beheining is der in spesjaal parkearplak, flakby it eveneminteterrein: by de Westerseedyk.
      Let op: hast yn de folsleine gemeente Harns is it betelle parkearen y.f.m. it toerisme nei de eilannen, dêrnjonken sille in soad strjitten ôfset wêze, in plakje yn of om de stêd bûten de oanwiisde parkearplakken sil dus dreech wurde.
  • Fyts
    • Njonken it iepenbier ferfier is ek de fyts it ferfiermiddel dat de foarkar hat fan de organisaasje. Der binne ekstra fytsestallingen by it eveneminteterrein wêrtroch't minsken maklik harren fyts kwyt kinne. De fytsestallingen binne bewekke, wêrtroch't minsken foar in lyts bedrach de hiele dei harren fyts mei in gerêst gefoel efterlitte kinne.
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wat is der te dwaan en te sjen?

Njonken de Tall Ships binne der fansels ek allerhande oare saken te sjen en te dwaan. Fan Foodtrucks oant in taalkaravaan, en fan in shantyfestival oant strjitteäter, it is der allegearre. Hjirûnder in pear fan de highlights:

  • Crew Parade + priisútrikking Tall Ships Races (sneon 15:00): alle crewleden fan de Tallships rinne in feestlike rûte troch Harns, wêrby't se einigje by The Harbour Stage in de Willemshaven, dêr't tusken 16:30 oere 17:00 oere de priisútrikking fan de Tall Ships Races hâlden wurde sil.
  • Harnzer Talent krijt de oandacht op it Harlinger Talentstage op de Willemshaven. Op moandei 6 augustus krije Harnzer bands, singer songwriters en oare muzikanten seis oeren lang de kâns om har op in eigen poadium sjen te litten. Harlinger Talentstage duorret fan 11:00 oant 17:00 oere.
  • Hawwe jo genôch fan de Tall Ships en hawwe je nocht om lekker te sneupen tusken de (vintage) klean, tassen en sieraden, dan moatte je nei de Happy Lifestyle Markt op de kaai by de flechthaven (by it Harnzer strân). Op 4 augustus fan 11:00 oere oant 20:30 oere.
  • En last but not least, fansels de fjoerwurksjo dy't foar freed 3 augustus op de planning stiet. Nei de spektakulêre 'Sail In' wurdt it publyk fan 23:00 oere traktearre op it moaiste fjoerwurk, dat it bêste te sjen wêze sil fan de Willemshaven ôf.

Sjoch foar it folsleine programma op de site fan de organisaasje.

Hoe sit it mei it waar?

It waar is fansels fan grutte ynfloed op in evenemint lykas de Tall Ships Races. Foar it kommende wykein sjocht it der, lokkigernôch foar de organisaasje en de besikers, prima út. Mei in gemiddelde temperatuer tusken de 23 en de 25 graden liket it net te hyt en net te kâld te wurden. Wol goed smarre mei sinnebrân en wat wetter meinimme, en dan moat it wat it waar oanbelanget in prima wykein wurde.

Wêr is it evenemint te folgjen?

De Tall Ships Races binne it folsleine wykein te folgjen by Omrop Fryslân. Op freed 3 augustus is der fan 12:00 oere ôf in livestream beskikber op de site en de app fan Omrop Fryslân. Ek op de radio wurdt wiidweidich stilstien by it evenemint, sawol op freed as op sneon.

(advertinsje)
(advertinsje)