Atlete Foekje Dillema gjin eareboarger Kollumerlân

De yn 2007 ferstoarne atlete Foekje Dillema fan Boerum wurdt gjin eareboarger fan de gemeente Kollumerlân. Dat hat it kolleezje oanjûn nei in pleit fan it eardere PvdA-gemeenteriedslid Sjoerd Keizer.
© Omrop Fryslân
Keizer hie oantrune op in postúm eareboargerskip, as definityf earbetoan oan Dillema. Mar neffens de gemeente hat Dillema har net fertsjinstlik makke foar de gemeente. Keizer neamt de "kâlde" reaksje fan de gemeente spitich. "It kolleezje kin him net ferpleatse yn de minsk en sporter Foekje Dillema."

Dillema: frou of man?

Neffens Keizer is mei gjin penne te beskriuwen wat Dillema meimakke hat. Se waard yn de jierren 50 skorst om't se net meidwaan woe oan in medyske keuring. Dêrnei waard twifele oft Dillema wol in frou wie. Neffens Keizer wie der sprake fan politike spultsjes. "Jan Blankers, de man fan Fanny Blankers-Koen, hat der foar soarge dat Dillema libbenslang skorst waard, om't sy de grutste bedriging foar Fanny wie."

Dokumintêre

Der is 70 jier letter noch hieltyd in soad belangstelling foar de kwestje. Ofrûne snein waard de dokumentêre oer Dillema werhelle yn it lanlike telefyzjeprogramma Andere Tijden Sport. Neffens Keizer soene de jierlikse Fanny Blankers-Koen Games yn Hengelo eins de Foekje Dillema Games hjitte moatte.