Harm Zeinstra hâldt op mei it proffuotbal

Keeper Harm Zeinstra fan Noardburgum set per direkt in punt efter syn proffuotbalkarriêre. Hy hâldt nei in jier op by fuotbalklup Heracles Almelo. De 29-jierrige Zeinstra hat oanjûn dat hy him rjochtsje sil op in karriêre yn it bedriuwslibben. Hy sil oan de slach as konsultant by NMC Bright, in advysbedriuw yn de sportwrâld. Dêrneist sil hy in master folgje oan it Johan Cruyff Institute.
© orange-pictures.nl
Zeinstra hat spile by SC Hearrenfean, FC Emmen en SC Cambuur. Hy stie dit seizoen ûnder de latte by Heracles. De fuotbalklup hat de 22-jierrige Koen Bucker fêstlein as opfolger fan Zeinstra.