De FNP Noardeast-Fryslân hat noed oer wenningkrapte

31 jul 2018 - 11:05

De FNP yn Noardeast-Fryslân hat noed oer de driigjende oerspanning fan de wenningmerk yn de regio. Rûnom yn Noardeast-Fryslân is neffens de fraksje mear fraach nei boukavels en ek de ferkeap fan besteande wenningen rint better as ea te foaren. De fraksje wol dêrom graach ynsjoch oer it ferrin fan de wenningmerk yn de regio Noardeast-Fryslân.

Foto: ANP

De FNP hat dêrom in tal skriftlike fragen yntsjinne. Se wolle ûnder oare witte as it by de kolleezjes fan de gemeenten bekend is dat der in tanimmende druk en fraach is nei sawol keap- as hierwenten en as der by de wurksume wenningkoöperaasjes ek sprake is fan beliedsoanpassingen.

De FNP wol in aktueel byld fan it ferlet fan sosjale hierwenningen en it foldwaan kinnen oan de fraach.

(advertinsje)