De stichting Stype is bot skrokken fan oanslach yn Tadzjikistan

31 jul 2018 - 10:24

De Fryske stichting Stype is bot skrokken fan de oanslach op fytsers yn Tadzjikistan. Ponghâlder Abe Timmermans seit dat de stichting allinne mar positive ûnderfiningen hat mei it lân en de ynwenners. Hy fynt it skande dat it lân no mei dizze terreurdied yn it nijs komt.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Terreurgroep Islamityske Steat (IS) hat ûndertusken oanjûn ferantwurdlik te wêzen foar de oanslach op fytstoeristen yn Tadzjikistan. De regearing fan Tadzjikistan seit dat in ferbeane islamityske partij achter de oanslach sit.

It ministearje fan Binnenlânske Saken fan Tadzjikistan basearret him by de beskuldiging op in bekentenis fan in fertochte dy't oanhâlden is. De dieders soene traind wêze yn Iran. De islamityske partij waard troch de regearing fan Tadzjikistan yn 2015 ferbean. Sûnt dy tiid binne hûnderten partijleden en oanhingers oppakt.

By de oanslach kamen fjouwer minsken om it libben. Under har is ek de 56-jierrige Fries om utens René Wokke. De 58-jierrige freondinne fan Wokke rekke ferwûne.

Ponghâlder Abe Timmermans fan de stichting Stype

It plak fan it barren yn Tadzjikistan - Foto: AKHBOR
(advertinsje)
(advertinsje)