UPDATE: IS sit achter oanslach dêr't Fries by omkaam, neffens regearing Tadzjikistan

31 jul 2018 - 08:44

De regearing fan Tadzjikistan seit dat IS achter de oanslach sit op in groep fytsers, wêrtroch't snein fjouwer minsken omkamen. Under har is ek de 56-jierrige Fries om utens René Wokke. De 58-jierrige freondinne fan Wokke rekke ferwûne. De persoanen achter de oanslach soene ferdreaune IS-striders wêze, dy't benammen westerske toeristen as doelwyt hawwe.

It plak fan it barren yn Tadzjikistan - Foto: AKHBOR

Earder melde de regearing fan Tadzjikistan dat leden fan in ferbeane islamityske partij achter de oanslach sitte soene. It ministearje fan Binnenlânske Saken fan Tadzjikistan basearre him by dy beskuldiging op in bekentenis fan in fertochte dy't oanhâlden is. De dieders soene traind wêze yn Iran. De islamityske partij waard troch de regearing fan Tadzjikistan yn 2015 ferbean. Sûnt dy tiid binne hûnderten partijleden en oanhingers oppakt. No docht bliken dat dit nei alle wierskynlikheid net korrekt is en IS achter de oanslach sit.

De islamityske partij sels seit net belutsen te wêzen by de oanslach. De partij ropt de Europeeske organisaasje foar Frede en Feiligens op om in ûnôfhinklik ûndersyk nei de oanslach te dwaan. Dat meldt Akhbor, in nijs-webside yn Tadzjikistan.

Premier Rutte en minister Blok

Minister fan Bûtenlânske Saken Stef Blok is skokt troch de dea fan fjouwer toeristen yn Tadzjikistan, wêrûnder in Fries. Dat lit er witte op Twitter. "Onze gedachten gaan uit naar iedereen die is getroffen door dit verschrikkelijke verlies", skriuwt er yn de tweet. Neffens Blok hat Tadzjikistan Nederlân fersekere de saak yngeand te ûndersykjen.

Ek premier Mark Rutte lit op Twitter witte dat syn gedachten útgean nei de slachtoffers en neibesteanden "van deze afschuwelijke aanslag".

(advertinsje)