Omrop TIP: it PC Kafee mei Geert van Tuinen

In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Dêrom bysûndere gasten oan tafel; de foarsitter fan it Belgyske keatsbûn Jerry Defour, trije debutanten en keatsleafhawwer Akkerman fan Lollum. Dêrneist skoot in bekende kabaretier oan dy't mei in soad passy fertelt oer it keatsen.
It PC Kafee yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer mei presintator Geert van Tuinen © OF, Raynaud Ritsma
It programma wurdt om 18.00 oere opnommen yn kafee de Bogt fen Guné yn Frjentsjer. Publyk is lykas alle jierren wolkom fan 17.30 oere ôf.
PC Kafee is tiisdei 31 july om fan 19.00 oere ôf te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina.

Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De set de dei útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen