Kollum: "Lofsang op Fryslân"

31 jul 2018 - 07:48

"Ik wie der 19 jier út en no, eksakt nei 19 jier, bin ik der wer yn. Ik wenje wer yn Fryslân. Tydlik, dat wol, mar dochs. Wat in ûnderfining.

Fan in heal miljoen ynwenners yn it drokke Den Haach, nei net iens fiifhûndert ynwenners yn in terpdoarpke. It is thúskommen, mar ek wennen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke Sietsma

Want ek al bin ik in Friezinne, praat ik Frysk tsjin ús bern, sjong ik noch hieltyd ferskes fan Hindrik van der Meer en Sipelsop en Sûkelade, de tiid hâldt gjin skoft, soe ús pake sizze. Ik bin yn al dy jierren yn de stêd, ferfrjemde. Ferstedske.
Dêr't ik froeger - doe't ik yn Fryslân wenne - nea fan opseach, dat besjoch ik no mei nije eagen.

Hjir groetsje we inoar op de fyts. Je sizze fan 'hoi', 'goeie', 'middei'. Je prate mei iderien yn it doarp. Friezen soenen dan saneamd stive harken wêze, sa stoef as sisaltou, mar we hawwe hjir yn in pear wiken it hiele doarp al op de stoepe.

De buorfrou hat ús 'weversblêdsalve' (weegbreezalf) brocht, tsjin de nevebiten. Der wurde truien foar de winter foar ús bern breide. De buorman - mei de moaie hortinsjes yn de tún - is foar ús om in boek út oer de skiednis fan it doarp.

Fryslân. Do bist grien en blau. It gers is altyd meand. De loft is suver. En noch skjin fan fleantúchstrepen.

De diken binne folle drokker as ik my heuge kin. Mar je wurde fansels ek wer zen op dyselde diken, want de brêgen stean om 'e haverklap iepen.

Der is blaasmuzyk. De earste jûn doe't ik yn it Fryske hûs slepte, hearde ik de waarme dreunende klanken fan in tromboane en in hoarn. De fanfare oefene yn it doarpshûs. In doarp sûnder korps is as in see sûnder wetter, soe letter ien tsjin my sizze.

En der binne hjir hast gjin scooters dy't je op de hakken sitte. As ik de trije kilometer nei de stêd traapje, kom ik allinnich fytsers tsjin. De earste wiken moasten wy de stjonkende knetterblikken echt ûntwenne en seagen we nerveus efterom oer it skouder as we al oan de kant moasten foar in hastige, driuwende scooterrider.

Friezen gean trouwens net echt oan de kant, se fytse graach selsfersekere, dwers troch je hinne. Dejinge dy't in bytsje wankelet op it krappe skulpepaadsje, dy hat ferlern. Dy moat oan 'e kant.

Ik waait hjir trouwens as in gek. Ik tocht dat it yn Den Haach hurd waaide, mei syn seewyn en de wynstjitten rûn de hege gebouwen hinne. Mar dan kinne jo Súdwest-Fryslân noch net. Fyn je it gek dat Friezen altyd sa lûd prate, se moatte ommers altyd tsjin de wyn yn raze.

De tsiis is hjir lekkerder. Koeke hat in apart rim yn de supermerk. De sûkerbôle is hjir it bêst.

Der bin hjir wynmûnen. In hiele soad. Ik hâld der fan, yn in lânskip fierder sa keal as in biljertbal. Us bern en ik sjogge altyd nei de machtige wjukken en lústerje nei it rûzjen.

En wat noait ferfeelt: yn de fierte de punt fan in seil stadich troch in greide glydzjen sjen.

Ja, dat Fryslân. Krekt wat."

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)