Grûnwetter Skylge nettsjinsteande de drûchte op peil

30 jul 2018 - 22:40

It grûnwetter yn de dunen fan Skylge is nettsjinsteande de drûchte noch goed op peil. Dat is neffens Steatsboskbehear de útkomst fan tal fan grûnwetterherstelprojekten dy't de ôfrûne jierren útfierd binne op it eilân. Op guon plakken stiet it grûnwetter sels noch heger as foarich jier.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Troch de jierren hinne binne in oantal sleatten dimpt en dat soarget derfoar dat it wetter net mear de Waadsee ynrint. En de dúngebieten wurkje - sa seit Steatsboskbehear - as in spûns en kinne ûndergrûnsk is soad wetter fêsthâlde. De winter fan 2017/2018 wie folle wieter as normaal. En dat soarge foar in hiel heech grûnwetterpeil. Uteinlik is de winsk fan Steatsboskbehear om op noch mear plakken it natuerlik wettersysteem wer safolle mooglik werom te bringen op Skylge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)