Lotting PC: Van der Bos-en-dy tsjin partoer Zijlstra

30 jul 2018 - 22:37

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra nimt it yn de earste omloop fan de 165ste PC op tsjin Arnold Zijlstra, Pier Piersma en Haye Jan Nicolay. Dat kaam út de lotting, moandeitejûn op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

De PC-lotting op it Sjûkelân - Foto: Omrop Fryslân

Steenstra wie tefreden oer de lotting, sei er. "Wy kinne fuortendaliks oan de bak en moatte skerp oan de dei begjinne." It partoer dêr't Steenstra diel fan útmakket, is woansdei ít te kloppen trijetal. Hoe sjocht er dat sels? "Wol noflik. Dan witte je yn elk gefal dat je kâns ha de PC te winnen."

Lotting kening Kootstra

De winners fan ferline jier, Bauke Triemstra en kening Hendrik Kootstra, hawwe Jelte-Pieter Dijkstra, Bauke Dijkstra en Evert Pieter Tolsma as tsjinstanners yn de earste omloop.

By Triemstra-en-dy docht Dylan Drent dit jier mei. Ferline jier siet Alle Jan Anema noch by Triemstra en Kootstra.

De folsleine lotting, earste list:

1. Remmelt Bouma, Jelte Visser, Willem Heeringa 2. Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar
3. Durk Ennema, Jacob Klaas Haitsma, Patrick Scheepstra 4. Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma, Erwin Zijlstra
5. Auke Boomsma, Marten Feenstra, Laas Pieter van Straten 6. Paul Dijkstra, Gabe-Jan van Popta, Stefan van der Meer
7. Arnold Zijlstra, Pier Piersma, Haye Jan Nicolay 8. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra
9. Bauke Triemstra, Dylan Drent, Hendrik Kootstra 10. Jelte-Pieter Dijkstra, Bauke Dijkstra, Evert Pieter Tolsma
11. Jelle Attema, Kees van der Schoot, Sjoerd de Jong 12. Elgar Boersma, Hyltje Bosma, Hendrik Bouwhuis
13. Bouke Willem Tuinman, René de Haan, Wybren Postma 14. Marten Bergsma, Pieter Jan Plat, Jan Schurer
15. Patrick van Dellen, Hendrik Jan van der Velde, Aloys Freitag 16. Peter van Zuiden, Allard Hoekstra, Thomas van Zuiden
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC lotting
(advertinsje)