Islamityske Steat easket oanslach op Fries yn Tadzjikistan op

Terreurgroep Islamityske Steat (IS) seit ferantwurdlik te wêzen foar de oanslach op fytstoeristen yn Tadzjikistan. Dat lit IS witte fia harren eigen kanaal Amaq. By de oanslach kaam de 56-jierrige Fries om utens René Wokke om it libben.
It plak fan it barren yn Tadzjikistan © AKHBOR
IS seit dat soldaten fan har de oanfal dienen om boargers te treffen út lannen dy't gearwurkje by de striid tsjin IS.
De Tadzjykske minister Ramazon Rakhimzoda fan Ynlânske Saken sei earder dat de autoriteten rekken hâlde mei ferskate senario's: in ûngelok, in berôving of in terroristyske oanslach.
De ambassade fan de Feriene Steaten giet út fan opsetsin. Oft IS de oanslach ek werklik útfierd hat, is noch de fraach. By oanslaggen of fermoedens dêrfan komt IS faker mei ferklearringen wêryn't it de ferantwurdlikheid opeasket.