Hjitte? Yn Elfstedenhal wurdt 'gewoan' riden en curling spile

30 jul 2018 - 21:33

Wylst it bûten doar tige waarm is, leit der takom wike 'gewoan' ôf simmeriis yn de Ljouwerter Elfstedenhal. Dit is in ûnderdiel fan it LF2018-evenemint European Sports for all Games.

Curlingstiennen - Foto: ANP

Besikers kinne op de iisbaan fan sneon 4 augustus oant en mei moandei 6 augustus oan allegear aktiviteiten meidwaan. Sa kin der op echte houtsjes riden wurde, kin der curling spile wurde en kin der jûns meidien wurde oan in echte Alvestêdetocht. Ynklusyf stimpeljen en begelieding troch in dweilorkest.

Direkteur Johan van der Kooi fan de hal ferwachtet dat der inkelde tûzenen minsken op it evenemint ôfkomme sille. Op dit stuit lizze meiwurkers it iis del. It simmeriis bliuwt nei de ein fan it evenemint noch ien wike lizzen.

Trefwurden: 
LF2018 simmeriis Elfstedenhal
(advertinsje)
(advertinsje)