Ierappelhannelshûs HZPC: "Europa hâldt takomst fan ierappels tsjin"

30 jul 2018 - 19:49

It klimaat yn Nederlân feroaret en dat hat ek ynfloed op de ierappelgewaaksen. Ierappelhannelshûs HZPC fynt dat de fokus lizze moat op genetyske modifikaasje, mar it Europeeske Hôf ferbiedt dy feredelingsmooglikheden just.

Jordan van Vilsteren, CFO HZPC De Jouwer - Foto: OF, René Koster

"Europa beheint ús feredelingsmooglikheden, wylst we dy op 't heden krekt folop ynsette moatte." Dat stelt Jordan van Vilsteren, direksjelid fan ierappelhannelshûs HZPC fan De Jouwer. Fanwegen klimaatferoaring en dêrtroch mear drûchte en fersilting, moat der in soad dien wurde om ierappelgewaaksen klear te krijen foar de takomst. It Europeeske hof hat lykwols ferbean dêr genetyske modifikaasje by te brûken. Dat set net allinnich de feredelingstechnyk yn Europa op efterstân, neffens Van Vilsteren, mar dêrmei ek de Europeeske boeren en de Europeeske merk. HZPC sjocht dan ek serieus nei mooglikheden om dat ûndersyk bûten Europa te dwaan.

ierappels - Foto: ANP

Krekt yn tiden as no, mei de grutte drûchte, wurdt faker stilstien by oanpassing fan gewaaksen op de feroarjende omstannichheden. Mar dat die de HZPC altyd al as ynternasjonaal aktive organisaasje, dy't ek wurket foar lannen dêr't it altyd al drûch wie. Dat betsjut lykwols net dat ierappels dy't foar in drûch klimaat ûntwikkele binne, samar de Fryske grûn yn kinne. Dêr spylje folle mear faktoaren in rol by.

Harkje hjir nei de bydrage fan ferslachjouwer René Koster

(advertinsje)
(advertinsje)