Gemeentemeiwurkers earder fan bêd foar ûnderhâld sportfjilden

De meiwurkers fan de bûtentsjinsten fan Súdwest-Fryslân begjinne dizze dagen earder mei wurkjen om it grien en de sportfjilden yn de gemeente te bereinen. Dat dogge se omdat it wetter dan minder fluch ferdampt.
Gers © ANP
"Wy wolle skea oan it jonge grien safolle mooglik foarkomme", seit wethâlder Mark de Man, "en derfoar soargje dat de sportfjilden der it kommend spylseizoen wer goed by lizze."
It slagget net al it grien yn de gemeente yn libben te hâlden. It Julianapark yn Boalsert en it Wilhelminapark yn Snits wurde net mear bereind. Dêr giet it om tydlik grien. Foar de winter wurdt dêr wer opnij plante.