Man rekket ferwûne by oanlizzen yn haven Lauwerseach

30 jul 2018 - 18:39

Yn de haven fan Lauwerseach is moandeitemiddei in man ferwûne rekke doe't er oanlizze woe mei in sylskip. It slachtoffer foel yn it rom fan it skip.

De man rekke ferwûne by it oanlizzen - Foto: De Vries Media

De brânwachten fan Zoutkamp, Eanjum en in heechwurker út Dokkum waarden ynset. Ek meardere ambulânsjes en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok ta.

De man is út it rom helle. Dêrfoar moasten se oer in oar sylskip hinne. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Lauwerseach haven ûngelok
(advertinsje)