Autoûngelok op A32 by ynfoechstripe fanút Teridzert

Troch in ûngelok op de A32 by de ynfoechstripe fanút Teridzert hat de autodyk, yn de rjochting fan Meppel nei It Hearrenfean, tydlik ôfsletten west. In auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de fangrail.
Autoûngelok op A32 © Wiegmink Media
De brânwacht en de plysje wiene oanwêzich. Op it hichtepunt stie der in file fan twa kilometer lang.

Twadde ûngelok

Earder op de dei wie der ek al in ûngelok op de A32. By dit ûngelok rekke in autobestjoerder slim ferwûne by in botsing mei in frachtwein. Dit barde by De Blesse. Troch de botsing ûntstie in lek yn de tankauto mei gefaarlike stoffen.