Teäterspektakel De Reuzen oefenet by WTC Expo yn Ljouwert

30 jul 2018 - 17:40

Teäterselskip Royal de Luxe oefenet kommende wiken mei De Reuzen by it WTC Expo yn Ljouwert. By de parkearplakken oan de efterkant fan it kompleks steane allegearre hikken dy't de boel ôfskermje.

Transportbedriuw PAX fan It Hearrenfean fersoarget it ferfier. It is by it WTC Expo in kommen en gean fan frachtweinen. It binne drokke tiden foar it bedriuw. Ferline wike binne se begûn: it giet yn totaal om santjin transporten en de frachtweinen ride op del fanút it Frânske Nantes nei Ljouwert.

Plysjebegelieding

It meast lestige wie it transport fan in grutte kraan fan mear as 4 meter breed. Hjir komt de grutste reus, de Dûker, yn te hingjen. "Wy hawwe in trailer fan ús wat oanpasse moatten", fertelt Roelof Dijkstra fan PAX. "It transport wie 4.40 meter breed en is troch de plysje begelaat."

Moandei wurde de earste transporten lost yn Ljouwert. Dat bart troch de Frânsen sels. It lêste transport is op 8 augustus. "Dat is in bysûnder transport", seit Dijkstra. Der sil gjin ekstra Reus nei Ljouwert komme, sei Dijkstra, mar wat wol? Dat woe er noch net loslitte.

Trefwurden: 
LF2018 De Reuzen
(advertinsje)