LTO Noord wol selde spulregels foar bereining

30 jul 2018 - 17:33

LTO Noord begrypt dat Wetterskip Fryslân in bereiningsferbod ynsteld hat, mar is der fernuvere oer dat op oare plakken noch folop bereind wurdt. Regiobestjoerder Tineke de Vries seit dat boeren dêr in soad fragen oer ha en it ûnrjochtfeardich fine.

Oare wetterskippen om de Iselmar hinne ha noch gjin bereiningsferbod ynsteld, dus wurdt der bygelyks yn de Noardeastpolder folop bereind, wylst dat hjir ferbean is. "Dat jout in ûngelyk spylfjild", stelt De Vries. LTO Noord is trochgeand yn petear mei it wetterskip en leit dêr ek dizze kwestje op tafel.

De Vries snapt de oerwagingen fan it wetterskip wol, mar soe graach sjen dat der in 'eenduidig' belied fan alle wetterskippen komt. "Mar ik wol der ek wer net foar pleitsje dat oaren likemin as wy bereine meie. Dan soe ik de kollega-boeren dêr misgunne dat se bereine meie en dat wol ik net."

Dochs ferwachtet De Vries dat in bereiningsferbod ek yn oare wetterskippen meikoarten komt. "Der komt fia de rivieren neat mear by en it reint ek net. Dan rekket it wetter gewoan op."

(advertinsje)
(advertinsje)