Tall Ships Races begjinne oan lêste etappe nei haven Harns

30 jul 2018 - 16:32

De Tall Ships Races hawwe yn Noarwegen foar de lêste etappe nei Harns fertraging oprûn. De wynkrêft by Stavanger is te hurd om fuort te gean. Neffens planning moatte de skippen tongersdeitejûn boppe Skylge finishe.

Dat moat helle wurde tinkt Arjen Mintjes fan de organisaasje: "Se ha der twa 'waypoints' úthelle. Yn de orizjinele etappe moatte de skippen dêr lâns. No gean se streekrjocht nei Harns."

Neffens Mintjes kinne de skippen it minne waar goed oan. Dat keazen is foar útstel hat benammen te krijen mei de bemanning. Dy bestiet foar in grut part út jongeren dy't meifarre, saneamde trainees. "Dêr sjocht de racelieding ek nei. It moat fansels net sa wêze dat elkenien siik wurdt. Se moatte ek wat leare. Dêrom binne se mei," seit Mintjes.

Dûk yn see

Oan board fan de dielnimmende skippen sit de sfear der goed yn. Doe't net start wurde koe naam de folsleine bemanning in dûk yn see. No wurdt alles klearmakke foar de lêste etappe fan Stavanger nei Harns.

Trefwurden: 
Harns Tall Ships Races
(advertinsje)