ADO Den Haag meldt him foar Henk Veerman

30 jul 2018 - 16:00

ADO Den Haag hat him by Sportklup Hearrenfean meld foar Henk Veerman.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Hearrenfeanspits hat noch in kontrakt foar in jier. ADO Den Haag ferkocht earder harren spits Bjørn Johnsen oan AZ, wêrtroch't sy op syk binne nei in nije spits. ADO en Hearrenfean sille mei elkoar ûnderhannelje oer in eventuele transfer.

Earder toande FC Utrecht ek al harren belangstelling, mar dy binne yntusken ôfheakke.

(advertinsje)