Caravan op syn kant op A7 feroarsaket file
Op de A7 by Drachten leit in caravan op syn kant. De dyk is ticht, it ferkear moat oer de flechtstreek. Dêrom stiet der in file fan fjouwer kilometer tusken Drachten en de ôfrit Easterwâlde.
De man, in frou en it hûntsje, dy't mei harren trijen ûnderweis wienen mei de auto en caravan, kamen mei de skrik frij.