Earste peal yn grûn fan mozzarellafabryk op It Hearrenfean

30 jul 2018 - 15:51

It wie al bekend dat tsiisgigant Royal A-ware en Fonterra op It Hearrenfean útwreidzje mei in tsiismakkerij dêr't mozzarella en rjemme produsearre wurde sil, mar no sit ek de symboalyske earste peal yn de grûn. Dy eare wie weilein foar boargemaster Tjeerd van der Zwan.

Mozzarella - Foto: ANP

Neffens COO Klaas de Jong fan it suvelkonsern is der mei it nije fabryk by Royal A-ware romte foar nije melkfeehâlders. By it bedriuw binne se op it stuit drok dwaande mei it oanlûken fan nije molkeleveransiers.

De tsiismakkerij is dêrmei op dizze skaal it earste fabryk yn Nederlân dat dizze soart tsiis makket. De nije tsiisfabryk moat yn 2020 klear wêze.

(advertinsje)