FIDEO: De Keatsshow en de lotting fan de PC

30 jul 2018 - 14:51

Moandeitejûn is it tiid foar de tradisjonele lotting fan de PC. Dit jier bart dat wol op in hiel spektakulêre manier. It makket ûnderdiel út fan spesjale keatsshow: Heedaar! Dit alles is fan 21.00 oere ôf streekrjocht hjirûnder te folgjen.

Yn de muzykfoarstelling op de jûn fan de lotting fan de 165ste PC stiet de keatsbal sintraal. Ferskate keatsferhalen komme foarby yn it teäterstik wêryn't ûnder oaren akteurs Theun Plantinga, Thijs Feenstra en Romke Gabe Draaijer in rol spylje.

Lotting PC 2018: mei keatsteäter - Foto: Keatswike Frjentsjer

Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen

Jûns om 18.20 oere wurdt de dei gearfette op TV en is alles werom te finen op Omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC lotting
(advertinsje)