Lemster feroardiele foar wapenbesit, mishanneling en heling

30 jul 2018 - 14:26

In 42-jierrige Lemster is troch de rjochter feroardiele foar wapenbesit, mishanneling fan in plysjeman en it helen fan in stellen auto. De man moat in wike de sel yn, mar hat al sa lang yn foararrest sitten.

Hy krige ek 77 dagen selstraf ûnder betingst en in drugsferbod. Yn syn proeftiid fan 3 jier moat de man meiwurkje oan drugskontrôles.

By syn útspraak hâldt de rjochter rekken mei it feit dat de man yntusken in positive draai oan syn libben jûn hat en dat syn freondinne derfoar soarget dat hy op it rjochte paad bliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)